21 juni 2025
TicketsFan in út de hân rûn eksamenfeest yn 1979 is Mukpop útgroeid ta in echt festivalbegryp yn Fryslân.
It is it plak dêr’t generaasjes gearkomme om te genietsjen fan muzyk, mienskip en de prachtige sfear.
Fan 1979 oant 1994 groeide Mukpop elts jier en luts sels artysten út it bûtenlân. Mukpop stie bekend om syn unike sfear en skitterende omjouwing oan de Reitpôle yn Jorwert.
Yn 2018 wie doe nei safolle jierren de reüny fan Mukpop. En wat wie dat in grut sukses! It entoesjasme wie sa grut, dat Mukpop in nije start makke hat. Sûnt dy tiid is it festival wer in fêste prik op de festivalaginda.
Wat Mukpop sa unyk makket? De sfear! It is smûk, lytsskalich en folslein organisearre troch de mienskip.
Gjin Marco Schuitemaker of Jody Bernal mar lokale muzyk dêr't je bliid fan wurde om nei te harkjen. We biede jong talint in poadium en omearmje lytsskaligens.
Dit is gjin grutskalich kommersjeel barren, mar in festival mei in hert en each foar duorsumens.
It is in plak foar elkenien: fan jongeren fan 18 út de omjouwing dy’t de festivalwrâld ûntdekke wolle oant de generaasjes dy’t Mukpop fan eartiids noch kenne. De sfear is noch altyd gemoedlik en waarm, krekt sa’t it eartiids wie.
Kom del, dûnsje, harkje, ûntdek en belibje it sels. Mukpop – it smûke festival dêr’t tradysje en talint hân yn hân geane!