Mukpop 2025
Mukpop Logo

Stipers

Om sa’n geweldich feest organisearje te kinnen kinst tsjintwurdich net mear sûnder sponsoaren. Dêrom binne wy ek tige bliid en grutsk. Dat dizze sponsoren ús stypje. Sawol materiaal as finansjeel. Sûnder dizze sponsoren wie it bierke foar jim ûnbetelber rekke en hien wy it Mukpop festival net jaan kinnen sa as we dat graach dogge. Hûndertûzendkear tank oan al ús sponsoren!

Stypje Mukpop mei in bydrage fan €250,- en doch op 7 febrewaris 2026 mei oan ús eksklusive sponsorjûn yn Jorwert.

Dyn sponsorbydrage smyt it folgjende op:

  • 🍽️ In fersoarge diner foar 2 persoanen
  • 🎤 In lêzing fan Foppe de Haan
  • 🎶 Oanslutend: live muzyk yn de kroech fan Jorwert – Kleintje Mukpop
  • 🎟️ 2 tagongskaarten foar Mukpop op 21 juny 2025
  • 🤝 In jûn mei oare sponsoren en lokale partners

Dizze jûn kombinearret ynspiraasje, netwurkjen én fermaak – foar elkenien dy’t Mukpop in waarm hert tadraget.

👉 Meld dy oan fia ús kontaktpagina

Leaver in oar sponsorpakket?
Wy biede ek maatwurkpakketten oan foar gruttere of lytsere bydragen.

© Copyright Mukpop - 2025

Spotify Spotify playlist