Mukpop 2025
Mukpop Logo

Programma

Del Pierros Del Pierros

Yn'e Fryske Greidhoeke, dêr't de mist grouwer oer it lân hinget as earne oars, leit Weidum: de thúsbasis fan'e Del Pierros. Fiif hobbyisten dy't in band begûn binne, de B-kant spylje en mei-inoar bydrage oan it grutte plan. Net likt, wol leuk. Leve Haile Selassie.

Melissa Pander Melissa Pander

Melissa Pander timmeret de ôfrûne jierren hurd oan de dyk en hat yntusken meardere awards op har namme stean. Ek wie se ferline jier headliner op ferskate grutte festivals. 

Tegearre mei har izersterke livebân wit se troch de perfekte balâns fan eigen wurk, oanfolle mei goede covers yn no time de oandacht fan it publyk te lûken.

69 Comeback 69 Comeback

'69 Comeback is in nij Rock ‘n ' Roll trio mei in groove! Se spylje Volvette Rockabilly en Stampende Rock ’ n ’ Roll, mei ynfloeden út Jump Jive en Blues, mar litte sich abslút net liede troch in kalinder dy't ophâldt yn 1960, sterker noch, mannich moderne rocksong moat deroan leauwe en kriget in fikse rockabillyshot fan dizze musikanten, It’s not only Rock& Roll but we like it!

De Stokers De Stokers

Banjo, drumkoffer, kontrabas, akkordeon, toeters en bellen, sjongende seage, stimmen, ferdield oer 7 manlju. De Stokers, voila! Polka, hoempa, balkan, ska, country, tsja... de Stokers dogge der har eigen ding mei. Nederlânsktalige manysk mankelike sirkuspunk, mear wurden meitsje wy der net oan smoarch. Komt dat sjen, komt dat hearren!

Asbest Asbest

Rechtstreeks uut de Stellingwarven kump ze mit bier, sjek en anpotende Rock’n’Roll!:

ASBEST, Das best!

Yme and the Farmbreakers Yme and the Farmbreakers

Dizze enerzjike band út Weidum giet Oerend Hard! Mei har oansteklike enerzjy en wille sette se sawol klassikers as eigen wurk geweldig del. Se krije sûnder muoite elk publyk mei! En dansels binne sy noch net ûnbekind op Mukpop 

[DJ] Arnie X Toon [DJ] Arnie X Toon

Dizze twa manlju slaan de hannen ynien foar in jûn fol house en disko. Arnie X Toon. Bekend fan harren eigen feest: Laatste Dans. Op 20 juny nimme se Mukpop oer. Ferwachtsje grooves. Ferwachtsje enerzjy. Ferwachtsje in folle dûnsflier.

[DJ] Durk [DJ] Durk

En no is it Durk syn bar! Streekrjocht fan Baard komt er om de greide fan Mukpop trilje te litten. Ferwachtsje gjin poespas, mar house en snoeihurde hardgroove.

[DJ] De Jorwerter Wol Federatie [DJ] De Jorwerter Wol Federatie

Twa mannen, fjouwer hannen en in bak fol swart goud! Op de greide fan Mukpop litte dizze vinyl-Djs de nulle it wurk dwaan. Gjin digitale rommel, mar in echte back 2 back op gefoel.

Mark Foggo's Skasters Mark Foggo's Skasters

Mark Foggo is miskien it bêst bekend as de frontman fan syn band, Mark Foggo's Skasters, dy't wiidweidich troch Europa en dêrbûten toure hat. Syn optredens wurde karakterisearre troch enerzjike kaprioalen, oansteklik entûsjasme en in talint om kontakt te meitsjen mei syn publyk. Yn de rin fan de jierren hat er gâns albums útbrocht, lykas Ska Pig en Haircut, wêrmei't er syn reputaasje as in fêste wearde binnen de ska-revivalbeweging ferstevige hat.

© Copyright Mukpop - 2026

Spotify Spotify playlist