Yn in lyts arbeiderswentsje tusken Great Battens en it Tsjirkenêst yn de greiden ûnder Jorwert, betocht Frâns Kingma, alias ‘Mukkes’, yn 1979 dat hy in eksamenfeest jaan woe omdat er syn MAVO diploma helle hie. Freon Willem Dijkstra wie in jier earder al slagge mar hie gjin feest jûn. Dus tocht Frâns, waans saaklike talinten doe al opbloeiden, dat se dat moai tegearre fiere koene. Dan koene se de kosten diele. Sa sein sa dien. Frâns bestelde bij Jan Dijkstra, de Jorwerter kafeebaas, 30 kratten bier. Mei trekker en wein helle hij de kratten op. En in spesiekuup mei wetter foar it kuoljen. De Kingma’s wiene op harren buorkerij drok mei de ûngetiid. Heawaar, elkenien moast meihelpe! Lykwols de middeis om 4 oere pykte Frâns derút mei trekker en wein en ride nei Weidum. Willem en hy hiene regele dat de Weidumer band ‘Fuck’ op it feest spylje soe. Op de souder fan it hûs fan dokter Haaima stie it ynstrumentarium. Dat moest nei Jorwert. De mannen hiene sa’n 70 freonen útnoege. De wein waard yn de tún fan it lytse wennikje riden. Mei peallen en âld kuilbultplestik wurde in soarte fan tinte oer de wein makke en doe’t der wat pakken strie om de wein stiene, wie it klear foar it feest. De yntree wie 5 gûne en dan wie it frij drinken mei prachtige muzyk. It feest wie in grut sukses. Wat de beide mannen doe noch net yn de gaten hiene wie dat dit it begin fan in Jorwerter tradysje wurde soe.
In jier letter slagget freon Ids Meinsma foar syn oplieding en woe in feest hâlde. Frâns tocht: ‘Och, dan doch ik ek wer mei’, en ek alle oare freonen binne entûsjast. Diskear soe it yn de tún fan buorkerij’ it Tsjirkenêst’ hâlden wurde. Mar it strieminne reinige waar smiet dwerse kneppels. Frâns syn heit hie in idee. Miskien koe it yn doarpshûs ‘Ons huis’ hâlden wurde. Der wie eins mar ien lyts probleemke : de oare deis wie it frouljus keatsen. It gebou moest om 9 oere spik en span klear wêze as klaairomte. Dat waard ôfpraat. Ids hie it regele. Deselde opset as de jierren derfoar: yntree en bier foar 5 gûne. Diskear kamen der wol 120 minsken op ôf. As hearringen yn in ton harken se nei de muzyk en dronken bier. It wie in grut sukses. Guon kamen mei de auto troch it smelle strjitsje en riden oan de foardoar fan it gebou ta. It tilde op fan de fytsen. It systeem fan ‘de all-in priis’ hie wol in neidiel. Oeral toarken lege bierfleskes om. En doe kaam de oare dei. Ier en betiid setten de mannen nei ‘Ons huis’. Oeral lei glês en drek . It wie in binde. Sa goed en sa kwea as it koe rommen de freonen mei in houten kop de boel op. Allinne de bierlucht koene se der sa hurd net útkrije, dêr koene de keatsters dy deis harren klean hast wol oan ophingje. De folgjende twa jier is it feest op it Tsjirkenêst hâlden. En, net ûnbelangryk, de Jorwerter filosoof Dr. Oelie ( Theunis de Groot) hie in namme foar dit barren betocht: “Mukpop”. Heit Kingma wie wol klear mei Mukpop. Skoften neidat it ôfrûn wie, stiene der noch auto’s yn it lân en it opromjen bleau der ek wat by en dêr hie âlde Kingma syn nocht fan. Doe waard it spektakel ferlein nei it Mantgumerhúske. In tige grutte tún dus it festifal koe groeie. Sa waarden der djoerdere bands útnoege der wie in biertap en der waard mei muntsjes foar bier wurke. Yn 1988 wie de tiid ryp om der in stifting fan te meitsjen. It bestjoer waard útwreide mei deskundige minsken. Timmerman Joop Bootsma soarge foar de aloan grutter wurdende podia en omballingen en rêde him ek mei de fergunnings. Omdat it Mantgumerhúske ferkocht waard, moest der wer in oare geskikte lokaasje fûn wurde. De bestjoersleden kamen út by de reitpôle achter Jorwert. In smûk plak mei rûnom beammen. Krachtstroom fan buorman Keimpe Koldyk mei wat help fan Willem Wonder (Willem Gierman) dy’t mei wat keunstgrepen it feilich foar gebrûk makke. Hierde húskes dy’t op de Jorwerterfeart útkamen. Tige lange slangen foar wetter by boer Jellema wei om de boel troch te spielen. It terrein wie yn it begin wat sompich, mar dat waard hytyd better omdat Joop sa út en troch oan wat grûn komme koe, en sa waard de reidpôle heger en heger. Elk jier waard it ferkrijen fan in fergunning dreger. Der moest fan alles komme. Draagbere tillefoans, EHBO en neam sa mar op. De drankfergunning rûn lykas wenst fia Jan Dijkstra fan it Jorwerter kafee. Bij de 10de edysje kaam Jan mei de eask dat hy 50% fan de omset hawwe woe. It bestjoer hat der min fan sliept. Dat koe net omdat se simpelwei dan net út de kosten kamen. Hoe no? Frâns wurke doe yn in bar yn Ljouwert. Fia syn baas koe hy doe ek wol in drankfergunning krije. Jan Dijkstra liet it der net by sitte. Hy noege in delegaasje fan de Heineken brouwerij út om mei it bestjoer te praten. Lang om let kamen se ta in oerienkomst en sa koe Mukpop wer as fanâlds op de fergunning fan de Jorwerter kafeebaas draaie. Nei tsien jier begûn yn Weidum ‘een kleintje Mukpop’ yn it doarpshûs. It begûn serieus te wurden fertelt Pier Koopmans : “We wurden benadere troch boekingsburo’s dy’t ús kasettebandsjes tastjoerden fan bands dy’t wol optrede woene”. Mukpop woe bands útnoegje dy’t gewoanwei net sa gau nei Fryslân ta komme soene. Mukpop boude in namme op. Stadichoan kamen der hyltyd mear minsken op dit barren ôf. Mei ‘Hallo Venray’ en ‘The Nozems’ op it podium luts de organisaasje yn 1992 rom 2300 taskôgers. De PR fan Mukpop sloech foar bêst op : eltse besiker krige in Mukpopbutton, yn de wiken foar it Mukpopfestifal wurden der programmaboekjes ferkocht en al gau folgen petten, t-shirts en tassen mei Mukpop derop. By einstjebeslút groeide Mukpop út ta in soepel draaiende profesjonele orgaanisaasje. It grutte tal minsken dat op Mukpop ôfkaam makke ek dat de bestjoersleden in swiere ferantwurdlikens droegen. Tidens de optredens koene de bestjoersleden net meigenietsje want se hiene it smoardrok mei it goede ferrin fan de jûn. Der wurde hiel wat oerkes fergadere. Mei de feilichheidslju, de katering en gean sa mar troch. Lykwols binne de aldergeloks nea slimme dingen bard. De 15de edysje fan Mukpop soe twa dagen duorje wie it plan. Op de freedtejûn en de sneontemiddei derop soene der optredens wêze. De minsken koene in ‘Passe-partout’ keapje en der wiene kampearplakken beskikber njonken it terrein. Mar de belangstelling foar dizze foarm foel ôf. It grutste part kaam allinne de sneontejûns. Yn1994 is it oarganisearjen fan sa’n grut barren foar de measten net mear op te bringen. Guon hiene bern en in drokke baan en geandewei bliek dat hillige fjoer dat Mukpop grut makke hie stiekum útdôve. Der is noch besocht om jonge bestjoersleden oan te lûken. Mukpop beskikte oer in goed budget dus der leine kânsen. Spitichernôch is it net slagge. In lêste poging wie om it yn Jellum te organisearjen mei as tema ‘Belgie’ dus mei bands út dat lân. Mar de sfear wie fuort. Der kamen fierste min minsken en dêrmei ferdwûnen ek de lêste reserves. En omdat der ek hyltyd mear festifals kamen wie de konkurinsje druk ferskuorrend. It publyk koe mar kieze. It bestjoer naam it beslút om te stopjen.Dat der tiidens de merke altiid geniale plannen op de stamtafel komme sil jim grif ek wol kinne. Mar faaks bliuwt it der by. Yn 2016 wie dit oars. Jorrit Meinsma soan fan Ids, stoen neist Frans te miegen ien de kroeg bij no, Emke Dijkstra. Jorrit kaam mei de wurden; Hoe moai soe it weze at we Mukpop nogris organisjerje? Wearop frans Entausiast reageerde; Ja dat soe wol hiel moai weze, een soart fan reunie! Dat Frans foat sa entousiast reageerde wie wol opmerklik, Frans betinkt um faaks eerst. Moannen gongen foarbij mar beide mannen wiene dochs fan miening om it troch te setten. Der waard socht nei minsken foar ien de organisaasje mar dit bliekte moeilijk. Wol wienen der een soard minsken die wol helpe woene at it safier weze soe. Doe waard dochs de fergunning oanfrege, de gang by de gemeente kin jo feast ek wol een bytsje dus nei wiken niks te hjearen wie de gedachte al fier foat fan al it barren. Doe toch op een dei de fergunning op de matte foel. Mukpop Hie een Renunie feest! Dit wie sa goed slagge dat der oant no ta al wer een 5e ediesje oan sit te kommen!Fan 23 juni 2018 ôf is Mukpop dus wer opnij begong. Mei Frans, Jorrit en Maarten. It earste jier wie dus ek in reünie mar omdat dat sa bêst befoel ha de mannen dit it jier dernei wer trochsetten. Doe kaam yn 2020 fansels Covid-19 wetroch we gjin Mukpop organisearje koene. In jier letter ha Frans en Jorrit it oerdroegen oan de Jeugd. Mei Janneke as foarsitster bestiet it bestjoer no út Jorrit en Hindrik Meinsma, Maarten en Rik Cosijn, Sjoerd en Gjalt Van Der Hem en Janneke Blanke die no troch Tessa Bootsma ondersteund wurd.
Wy hoopje foar jim dat wij noch in soad jierren dit prachtiche festival organisearre meie.